Stranger jeugddrankbelied

09 okt 2008 - 16:59

In nije oerienkomst moat jongerein ûnder de 16 jier fan 'e alkohol ôf hâlde. De ôfspraken binne ûndertekene troch 37 maatskiplike organisaasjes. De kommende fjouwer jier komt der in kampanje, benammen rjochte op de âlden fan 'e bern.

Der sil ek stranger kontrolearre wurde op ferkeap fan drank oan jeugd ûnder de 16 jier. Yn 'e earste helte fan it jier bedarren yn Fryslân trettjin bern tusken de 13 en 16 jier yn it sikehûs troch alkohol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)