Stranger greidefûgelbehear

07 mrt 2013 - 21:41

De latte komt behoarlik heech te lizzen foar boeren dy't troch behear en ynrjochting fan harren lân de greidefûgels helpe wolle. It giet dan om saken lykas in folle heger wetterpeil en it oanpassen fan it meanen. It is mar in greep út de betingsten dy't no opsteld wurde foar de greidegebieten dêr't de provinsje de soarch foar de greidefûgels konsintrearje wol.

Boeren dy't dêrfoar in fergoeding ha wolle, moatte dêr mei oare boeren yn itselde gebiet op ynskriuwe mei in goed plan. Dat waard tongersdei dúdlik op de Fryske greidefûgelkennisdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)