Strange maatregels by it Soal

05 jul 2008 - 09:45

Autobestjoerders meie net mear op it rekreaasjeterrein it Soal by Warkum komme. Se moatte harren auto delsette op it parkearplak by it terrein. Dat wol de gemeente Nijefurd. It is ien fan de maatregels dy't Nijefurd nimt om wat te dwaan oan it tal klachten oer it Soal. Minsken kleie oer oerlêst en oer de bende op it terrein.

De gemeente hat it kitesurfen ek ferbean yn de simmermoannen. Minsken dy't by it Soal oan it swimmen wiene, hiene lêst fan de kitesurfers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)