Strange kontrôle op Omrin

22 okt 2010 - 14:27
  • Omrin mei de ferbaarningsoven net teste sûnder fergunning

De provinsje sil der strang op tasjen dat Omrin gjin testen útfiert mei de nije ferbrâningsoven yn Harns. As it bedriuw der dochs ta oergiet om de ferwaarmingsynstallaasje op te waarmjen of ôffal nei de oven bringt, dan wurdt in twangsom oplein. Dy moat dan ek fuortendaliks betelle wurde.

Dat hawwe deputearre steaten fan Fryslân besletten. Omrin hat gjin fergunning foar it testen fan de oven, wol meie der ôfsûnderlike ûnderdielen test wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)