Strange kontrôle bedriuwsôffal

21 maaie 2008 - 13:54

It ôffal fan bedriuwen yn Achtkarspelen en Kollumerlân wurdt tenei better kontrolearre. De gemeenten komme mei de maatregel omdat bedriuwen yn de twa gemeenten faker gefaarlike stoffen yn ôffalkontainers goaie as yn oare gemeenten yn Fryslân.

Dat hat bliken dien út de aksje Jiskefet dy´t twa kear per jier yn Achtkarspelen en Kollumerlân hâlden wurdt. By de lêste aksje die bliken dat yn mear as in tredde fan de kontainers gefaarlike stoffen sieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)