Strange feilichheidsmaatregels wedstryd Ajax-Cambuur

17 nov 2015 - 15:51
  • De Amsterdam ArenA

Ajax skerpet de feilichheidsmaatregels oan foar de wedstryd tsjin Cambuur, no sneon. Dat meldt de NOS. Oanlieding binne de oanslaggen yn Parys, ôfrûne freed. Supporters wurdt frege om earder nei it stadion te kommen, omdat it troch strangere kontrôle langer duorret foardat eltsenien te plak is. Der binne op dit stuit gjin konkrete oanwizingen dat der wat gebeure kinne soe by Nederlânske fuotbalstadions.

Foar de Cambuursupporters ha de kontrôles nei alle gedachten gjin konsekwinsjes. De Ljouwerters moatte oars ek al rom op tiid wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)