Strânfoljeballers 5e yn Meksiko

28 okt 2006 - 11:49

Strânfoljeballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne as fiifde einige by in toernoai yn Meksiko. Yn de fjirde ronde ferlearen se fan it Sineekse duo Xu/Wu mei 19-21, 21-18 en 15-11. By winst hiene Schuil en Nummerdor harren pleatst foar de heale finales.

Schuil en Nummerdor ferlearen earder yn it toernoai ek al fan Xu en Wu. Dat wie yn de twadde ronde. Troch de herkânsings kamen se dochs noch safier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)