Strâne coaster moat fuort

02 nov 2006 - 11:41

De coaster-yn-oanbou dy't by Harns heal op 'e kade leit, moat dêrwei takele wurde. Troch de stoarm wie it skip losslein fan 'e steiger. It skip leit no by de wâl op. Woansdei is besocht de boat mei slepers los te lûken, mar dat is net slagge.

Foar de kommende dagen wurdt gjin ekstreem heech wetter ferwachte. Dêrom sil tongersdei of freed besocht wurde mei grutte kranen de coaster wer yn it wetter te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)