Strandexpress Amelân ferbaarnd

27 aug 2013 - 11:08
  • Der wie net folle mear oer fan de Strandexpres
  • De Amelanner Strandexpress gie by de brân ferlern

By de brân yn Ballum op It Amelân is tiisdei de Strandexpress ferlern gien. De Strandexpress is in grutte wein dêr't goed 40 toeristen yn ferfierd wurde kinne. Moandeitejûn om acht oere ûntstie in brân yn in opslachloads oan de Smitteweg yn Ballum en alles wat yn de loads stie is ôfbaarnd. Neist de Strandexpress binne ek trekkers en oar materiaal ferlern gien.

De kemping neist de loads waard fanwege de brân evakueard, mar de measte toeristen binne yntusken wer werom. De technyske resjerzje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)