Strânbiblioteek yn Makkum

09 nov 2006 - 10:50

Makkum krijt in strânbiblioteek op rekreaasjeterrein De Holle Poarte. In strânbiblioteek is in houten gebou mei in kolleksje fan 2000 boeken, kranten en tydskriften. Besikers fan it strân kinne foar ien dei in boek liene.

Doel is it lêzen te befoarderjen en mear ferdivedaasje te bieden oan toeristen. Der komme ek Dútske boeken. De byb is iepen yn july en augustus. It projekt wurdt betelle mei stipe foar plattelânsfernijing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)