Strân Skylge wurdt skjinmakke

13 jun 2006 - 17:47

Meiwurkers fan Rykswettersteat en Steatsboskbehear hâlde dizze dagen in himmelaksje op Skylge. De lêste tiid is dêr in soad rommel op it eilân oanspield. Dat komt troch de oanhâldende noardwestlike wyn.

It giet dan benammen om dingen dy't brûkt wurde yn 'e fiskerij lykas netten en fiskbakken. Dat is min foar de natuer, want fûgels kinne yn de netten fêstreitsje. Mar der spiele ek byldskermen oan op Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)