Strân Skylge wurdt skjinmakke

21 sep 2012 - 12:07

De Waadferiening makket de kommende dagen mei help fan twahûndert frijwilligers it strân fan Skylge skjin. Tagelyk wurdt ûndersocht wêr't al dat smoargens fuortkomt. It is foar de fyfde kear dat de Waadferiening it strân skjinmeitsje sil.

Yn oare jierren fûnen de frijwilligers hieltyd 25 oant 30 kubike meter smoargens op de strannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)