Strân Harns krijt nij sân

13 apr 2013 - 14:28
  • Strân Harns

It strân by Harns wurdt dizze dagen opnij opspuite mei sân. It strân fan Harns is net in natuerlik strân. It is yn de jierren njoggentich oanlein.

Om de twa jier moat it strân opnij fan sân fersjoen wurde. Dat sân wurdt troch in sânsûger fan de boaiem fan de Waadsee helle. Op dit stuit is troch de wurksumheden it strân ien grutte blubberbinde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)