Strafskoppen net jildich

27 maaie 2008 - 16:21

Fuotbalklub Aldeholtpea is der noch net wis fan oft se ek takom jier yn de fyfde klasse spylje meie. Ofrûne wykein tocht de klub feilich te wêzen neidat de ploech nei strafskoppen wûn fan Easterstreek. Aldeholtpea wiksele lykwols nei de ferlinging de keeper wylst dat net tastien is. Dat moat dien wurde ûnder de wedstriid.

De strafskoppesearje is ûnjildich ferklearre en moat op 'e nij dien wurde. Dat bart no kommende freed op de sportfjilden fan Aldeberkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)