Strafpunten Langwar ferfalle

22 jul 2002 - 00:00

De Jouwer en Langwar binne beide yn berop gien by de Sylrie fanwege de takenning fan 14 strafpunten. De Jouwer krige 14 strafpunten nei de wedstriid yn Earnewâld en Langwar krige de punten nei de wedstriid by Terherne, wêrby't it skip ek noch averij oprûn.

De Sylrie hat besletten om de strafpun- ten foar Langwar ferfalle te litten. De Jouwer hâldt de 14 strafpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)