Strafkommisje keatsen stapt op

31 okt 2007 - 11:02

De strafkommisje fan 'e KNKB stapt op. De kommisje fielt him net serieus nommen troch keatsbûn en beropskommisje. De strafkommisje joech stevige straffen oan Johan van der Meulen, omdat hy gjin goeie want hie, en oan de acht keatsers dy't yn Boalsert net fierder keatse woene op in min en wiet fjild.

De beropskommisje draaide dy straffen wer werom. De strafkommisje hat dêr no konklúzjes út lutsen en is opstapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)