Strafkoartings boeren ôfskaft

17 jan 2003 - 00:00

Boeren dy't net meiwurkje wolle oan de bestriding fan besmetlike bistesykten sille net mear koarten wurde op fergoedings. Dat hat de minister fan lânbou freed bekendmakke.

De minister fynt dat de strafkoartings te min effekt ha. Hy wol op syk nei oare middels om der foar te soargjen dat boeren meiwurkje en earder syktes melde. De ôfskaffing fan de koartings jildt net foar dy fanwege de tongblierkrisis twa jier lyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)