Straf op 'e nij besjoen

25 mrt 2003 - 00:00

De Hege Ried hat bepaald dat de saak tsjin in foar deaslach feroardielde man op 'e nij behannele wurdt. De man út Ljouwert krige yn 2001 fiif jier finzenisstraf. Hy hie in minderjierrige jonge ferkrêfte, wylst er wist dat er mei it HIV-firus besmet is.

De Hege Ried hat bepaald dat der net genôch bewiis is dat de Ljouwerter him der fan bewust wie dat syn slachtoffer grutte risiko's rûn. It gerjochtshôf yn Arnhem besjocht de saak op 'e nij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)