Straf notaris yn skeel-Easterein

21 feb 2004 - 00:00

Notaris Detmar fan Boalsert hat de op ien nei swierste straf krigen dy't in notaris oplein krije kin. Hy sil yn in iepenbiere sitting fan de rjochtbank berispt wurde.

It Gerjochtshôf fan Amsterdam hat dy straf oplein omdat Detmar by de ferkeap fan de pastory yn Easterein net genoch rekken hâlden hat mei de rjochten fan dûmny Zijlstra. Dy krige net op tiid ferfangende wenromte en bleau dêrom yn de pastory, wat ta in rel liede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)