Straf foar nep-terapeut

18 jan 2011 - 15:01

Tsjin in 55-jierige man út Bûtenpost dy't him as psychoterpeut foardie, is in heal jier selstraf ûnder betingst en 10.000 euro boete easke. Hy soe in frou en har famylje yn Hurdegaryp stalkt hawwe en falsk beskuldige fan bernemisbrûk mei brieven oan skoallen, ynstânsjes en húskdokters. Dêrtroch rekke se ûnder oare it grutste part fan har útkearing as MS-pasjint kwyt.

De man wurke foar in stifting dy't minsken holp dy't fêstrûn wiene yn 'e medyske wrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)