Straf foar himpkweker De Jong

25 apr 2014 - 13:36
  • Doede de Jong oan it wurk

Himpkweker Doede de Jong fan Appelskea hat fan de rjochtbank in wurkstraf fan 100 oeren oplein krigen en in finzenisstraf fan twa moannen ûnder betingst. Ek moat er 233.000 euro oan justysje betelje. It giet om jild dat er fertsjinne hat mei de ferkeap fan de tylde himp.

It Iepenbier Ministearje woe dat De Jong in heal miljoen betelle en in wurkstraf fan 180 oere krige. Himpkweker Doede de Jong fan Appelskea tekenet heger berop oan tsjin de straf dy't er fan 'e rjochtbank krigen hat. De Jong seit yn in earste reaksje dat er teloarsteld is.

By de rjochtsaak twa wiken lyn wie der in soad publike belangstelling. It gie benammen om sympatisanten fan de himpkweker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)