Straf foar grap mei poeierbrief

29 okt 2001 - 00:00

Seis personeelsleden fan de iepenbiere basisskoalle It Skriuwboerd yn Surhústerfean wurde mooglik ferfolge foar it ferstjoeren fan in poeierbrief. Se diene dat nei in hânfeardigensles, dêr't bakmoal by brûkt waard.

De meiwurkers ha tige spyt fan de grap. Se kinne mooglik twa jier sel krije. De âlderried fan de skoalle fynt dat de belutsenen no al genôch straft binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)