Straf foar driigjende Feanster

13 nov 2014 - 07:26

In 45-jierrige man fan It Hearenfean hat in wurkstraf fan 60 oeren krigen foar mishanneling, bedriging en belediging. De man mishannele ferline jier yn Grins in man en drige mei in mes. In plysjeman waard útskolden en yn it gesicht flibe. De Feanster is earder feroardiele om't hy geweld brûkte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)