Straf easke tsjin Garipers

07 okt 2003 - 00:00

Foar de rjochtbank yn Ljouwert binne tiisdei wurkstraffen easke tsjin seis fertochten (tusken 18 en 47 jier) út Garyp. De straffen fariearje fan 180 oant 240 oeren. Dêrby binne finzenisstraffen easke mei betingst fan 6 moannen, mei in proeftiid fan twa jier.

De oproerkraaiers wurde fertocht fan brân, iepenbiere geweldpleging, ferset by oanhâlding en it smiten fan in molotov-kokteel mei Ald en Nij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)