Straf easke foar molotovcoctail

29 nov 2000 - 09:51

De rjochtbank yn Ljouwert hat tiisdei tsjin de trije molotovcoctail-smiters fan Bakhuzen twaënheal en twa jier sel easke. De jonges - 18, 19 en 20 jier mikten de benzinebom op in fol kafeeterras. Aldergelokst barde der neat.

De offisier fan justysje sjocht it as 'poging ta moard'. De advokaten fan de trije sizze dat in molotovcoctail bedoeld is foar brânstichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)