Strânoergong Amelân iepene

19 jul 2012 - 13:01
  • Strân Amelân
  • Nije strânoergong

Op it Amelân wurdt tongersdei de fernijde strânoergong by Buren yn gebrûk naam. De tagongsdyk is ûnder oare opknapt, der is duorsume strjitferljochting oanbrocht en der binne nije bankjes pleatst. De opknapbeurt hat twa ton koste, de provinsje hat dêr 80.000 euro fan betelle, de rest fan it bedrach komt fan de gemeente, de NAM en fan pleatslike ûndernimmers.

Doel is dat ek de oare trije strânoergongen op it eilân opknapt wurde, mar dêr is foarearst noch net genôch jild foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)