Strân skrast by Adventurerun?

14 des 2011 - 10:22
  • In eardere edysje fan de Adventurerun op It Amelân

De organisaasje fan de Adventurerun op It Amelân nimt freed in beslút oft sneon oer it strân rûn wurde kin. Troch de hurde wyn kin it strân ûnder wetter komme te stean. De alternative rûte is it fytspaad parallel oan it strân. De rest fan de rûte bliuwt gelyk en de ôfstannen wizigje ek net. De Adventurerun is hielendal fol mei 3500 ynskriuwings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)