Stork beskermet no earrebarren

18 apr 2009 - 14:12
  • Earrebarren

Fjirtich jier nei de weryntroduksje fan de earrebarre yn Nederlân, kin de fûgelbeskerming mei syn wurksumheden ophâlde. De beskerming fan de fûgels is sneon yn Earnewâld oerdroegen oan de nije stifting Stork.

Dat barde yn it nije besikerssintrum fan it Fryske Gea. Yn hiel Nederlân binne no sawat 700 briedpearen fan de earrebarre. Yn Fryslân binne dat likernôch hûndert. Stork hâldt him dwaande mei it tellen fan earebarren, mar ek it dwaan fan ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)