Stoptober: ophâlde fan smoken

01 okt 2014 - 16:36
  • Start lanlike kampanje Stoptober

In hiele moanne lang kollektyf de sigaretten en sjek oan de kant lizze, dat is it doel fan Stoptober. Nei Ingelsk foarbyld is dizze anty-smook kampanje fan de GGD en kankerbestriding woansdei begûn. Sa'n 30.000 Nederlanners wolle ophâlde mei smoken. Mei provinsjale ambassadeurs as Foppe de Haan, Wiebe Wieling en wethâlder Andries Ekhart wurdt besocht minsken oan te moedigjen op te hâlden mei smoken.

Ut sifers docht bliken dat alle jierren hast in miljoen minsken dat besykje, nei in jier pakt 90 prosint alwer in sigaret.

De inisjatyfnimmers fan Stoptober ha der betrouwen yn dat de 30.000 Nederlanners dy't meidogge oan de aksje nei 28 dagen ûnthâlding ek echt ophâlde mei smoken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)