Stopljochten Werpsterhoeke út

21 des 2009 - 17:22
  • It is moandei al de hiele dei mis mei de stopljochten by de Werpsterhoeke

Ferkear dat Ljouwert út wol, moat by de Werpsterhoeke rekken hâlde mei opûnthâld. De ferkearsljochten op de krusing dogge it noch hieltiid net. Dertroch blokkearret it ferkear dat linksôf de Wâldwei op wol, de dyk foar in part. Ek op de Wâldwei sels stiet it ferkear fêst.

Yn de jûnsspits stie it ferkear tusken de stêd en de Werpsterhoeke folslein fêst. De stopljochten wurde tiisdei repareard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)