Stopljochten Suderbuorren út

11 des 2008 - 09:54
  • De stoaring yn de  stopljochten by Suderbuorren soargje foar lange files

Der binne noch hieltyd problemen mei de ferkearsljochten by de ôfslach Suderbuorren yn de N358, de dyk fan Ljouwert nei Wergea. Woansdei foelen de stopljochten út troch problemen mei de software. Dat soarge foar flinke files. Tongersdei wie dat wer sa. Meiwurkers fan de gemeente Ljouwert binne no ynset om it ferkear op de krusing te regeljen. It duorret mooglik noch wol oant freed foardat de ferkearsljochten wer wurkje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)