Stopljochten net goed ôfsteld

28 okt 2013 - 07:21
  • Stopljocht

De stopljochten op it Oostergoplein, de Oostergowei en de Aldlânsdyk yn Ljouwert wurkje moandeitemoarn net goed. De gemeente Ljouwert meldt dat de ljochten dit wykein ferfongen binne, mar se binne net goed op elkoar ôfsteld.

Dertroch geane ljochten net tagelyk op grien en dat betsjut in langere reistiid. De gemeente jout it advys om foarearst thús te wurkjen of mei it iepenbier ferfier nei de stêd te kommen. Hoe lang de problemen duorje, kin de gemeente net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)