Stoomtrein Snits - Starum

31 jan 2005 - 10:21

Fan takom jier ôf sil der in âlde stoomtrein ride tusken Snits en Starum. Dy moat yn it jier hast 100.000 euro kostje. De plannen fan de Stoomstifting Fryslân binne sneon presintearre by de iepening fan it nije Modelspoarmuseum yn Snits.

By dizze gelegenheid ried der in âlde stoomtrein tusken Snits en Hylpen. Der wie in soad belangstelling om mei te riden. It is de bedoeling om alle jierren sa'n 80.000 reizgers te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)