Stoomtrein noch kostepost

03 apr 2012 - 11:36

De stoomtrein dy't earder ride soe tusken Snits en Starum foarmet op dit stuit in flinke kostepost foar museumspoarline STAR yn Stadskanaal. Dat meldt RTV Drenthe. De stoomtrein waard troch de Friesche Stoomtrein Maatschappij yn Switserlân hierd en stiet by de STAR omdat dy it personiel opliede soe.

Fanwege it fallisemint fan de stoomtreinmaatskippij waard it hierkontrakt fjouwer moanne lyn opsein. De Switserske ferhierder wegeret lykwols de trein op te heljen en wol ek gjin stallingskosten betelje. Dy rinne yntusken yn de tûzenen euro's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)