Stoomtrein no offisjeel fallyt

04 jan 2012 - 11:14

De stifting Friese Stoomtrein Maatschappij is no ek fallyt ferklearre. It giet om de stifting dy't de eksploitaasje dwaan soe fan de stoomtrein. Begjin novimber waard de stekker al út it projekt lutsen. Troch ôffallers wie der in grutte skuld ûntstien en koene de rekkens net mear betelle wurde.

Kurator Verdonk hat noch hieltyd hoop op in rêdingsplan. Alle belutsen partijen moatte derfoar mei-inoar om tafel. Dat is oant no ta noch net slagge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)