Stoomtrein net sûnder stipe

13 nov 2012 - 15:31

Sûnder finansjele stipe fan oerheden is it ûnmooglik om in stoomtrein ride te litten tusken Snits en Starum. Dat docht bliken út ûnôfhinklik ûndersyk dat dien is yn opdracht fan de gemeente Súdwest-Fryslân en de provinsje Fryslân. De twa woene witte oft der noch takomst is foar it Fryske stoomtreinprojekt.

In jier lyn waard troch finansjele tsjinfallers de Fryske Stoomtreinmaatschappij fallyt ferklearre. Selsstandige ekploitaasje fan de stoomtrein blykt ûnmooglik om't der jierliks tonnen tekoart binne.

In alternatyf soe neffens de ûndersikers noch wêze dat ferfiersbedriuw Arriva de organisaasje en de tsjinstregling fan de stoomtrein útfiert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)