Stoomtrein komt jier letter

16 maaie 2011 - 11:39
  • Foto: Omrop Fryslân

De plannen om fan 2 july ôf stoomtreinen ride te litten tusken Snits en Starum wurde mei hast in jier útsteld. Dat hat de Friese Stoomtrein Maatschappij witte litten. It wurdt no op syn gaust april 2012.

De stoomlokomotyf is noch hieltyd net goedkard. It wachtsjen is op de lêste stimpel op 'e papieren. Pas dan mei de lokomotyf nei Nederlân ferfierd wurde. Dan duorret it ek nochris acht wike foardat de lokomotyf offisjeel talitten wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)