Stoomtrein hieltyd fol

10 maaie 2009 - 17:37
  • De stoomtrein troch it Fryske lânskip

De stoomtrein tusken Snits en Starum hat alle ritten dit wykein fol mei minsken sitten. Yn totaal giene 2100 reizgers werom yn de tiid yn it stoomwykein dat organisearre waard troch de stifting Stoomtrein Fryslân.

It wie al wer it fyfde achterienfolgjende jier dat it stoomwykein organisearre waard. Dit jier wie der wol mear befeiliging, omdat de organisaasje nei de oanslach op Keninginnedei yn Apeldoorn gjin inkeld risiko rinne woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)