Stoomtrein hat minsken nedich

13 feb 2009 - 09:12
  • de stichting siket frijwilligers

De Stichting Stoomtrein Fryslân siket ekstra frijwilligers foar it jierlikse stoomwykein yn maaie. Der is in nij programma betocht mei ekstra aktiviteiten yn Snits en Starum. Der ride dit jier mear ek treinen tusken Snits en Starum.

De nije frijwilligers wurde keppele oan minsken dy´t al ûnderfining ha. As beleanning foar har ynset meie de frijwilligers op de lêste dei fan it stoomwykein mei de stoomtrein nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)