Stoomskippen wer nei Fryslân

29 feb 2012 - 12:13

De ferneamde stoomskippen de R. van Hasselt en de C. Bosman komme werom nei Fryslân. De skippen ûnderhâlden oant 1959 in fearferbining tusken Starum en Enkhuzen. Jan van Seumeren, de eardere eigner fan kraan- en transportbedriuw Mammoet, hat de fertutearze skippen kocht. Hy praat mei ferskate partijen dy't jild ynvestearje wolle yn it opknappen. De R. Van Hasselt wurdt tongersdei út Lelystêd wei nei de skipswerf fan Bijlsma op De Lemmer sleept en ynspektearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)