Stoommuseum Steggerda iepen

06 maaie 2011 - 20:55
  • De stoommasine yn it museum yn Steggerda
  • It museum fan bûten

It stoommuseum fan Steggerda is freed offisjeel iepene. Yn it museum is de stoommasine te besjen dy't yn it âld suvelfabryk draaide. Om de masine hinne is in miniatuerfabrykje mei in echte skoarstien boud. It doek foel yn 1979 foar it suvelfabryk, mar it waard pas yn 2006 sloapt.

De stoommasine is bewarre bleaun en oan it doarp skonken. Der moast lykwols 40.000 euro op it kleed komme om it museum te realisearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)