Stoommasine MTS draait wer

10 aug 2013 - 09:08
  • De âlde stoommasine fan de HTS yn Ljouwert

De âlde stoommasine út de hal fan de MTS yn Ljouwert is fan sneon ôf wer draaiend te sjen yn molemuseum De Wachter yn Súdlaren. De stoommasine kaam oarspronklik út it suvelfabryk fan Wommels en waard letter oan de skoalle skonken. Om de stoommasine út Ljouwert pleatse te kinnen moast it museum yn Súdlaren earst ferboud wurde.

Omdat dat foar in part troch frijwilligers dien is, hat dat in soad tiid yn beslach nommen. De masine makket no ûnderdiel út fan in neimakke smidse, dêr't de masine sabeare foar de oandriuwing fan de masines soarget.

Omrop Fryslân radio hat sneon melden dat de nije oanwinst fan it museum út de HTS yn Ljouwert kaam, mar dat wie in fersin. De masine stie dus yn de MTS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)