Stoommasine ferlit skoalle

27 des 2006 - 13:03

By de NHL ôfdieling technyk oan de Himpenserwei yn Ljouwert wie woansdei in spesjaal transport. In stoommasine moast de skoalle út. It grutte tsjil paste mar kwalik troch de doar.

De stoommasine giet nei in mûnemuseum yn Súd-Laren. Hy soe deselde wêze as dy't eartiids yn de Súd-Laarder Mûne stie, mar dat blykt net sa te wêzen. Yn de NHL Technyk Tesselschadestrjitte stiet in stoommasine dy't wol deselde is. It museum wol dy ek graach hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)