Stoommasine ferhuzet

21 jan 2010 - 15:23
  • De stoommasine doe't de skoalle noch yn gebrûk wie

De markante antike stoommasine is tongersdei út 'e hal fan 'e âlde HTS yn Ljouwert weihelle. Lykas bekend lit de NHL, dêr't de skoalle no ûnder falt, it gebou slope. Oan 'e ferhuzing giene twa dagen fan demontaazje foarôf.

De ferhuzing fan 'e NHL nei de nijbou by De Bouhôf is sa goed as klear. Dêr is lykwols gjin romte foar de âlde stoommasine. Dy giet no nei wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)