Stookkosten nekke glêstúnbou

25 nov 2005 - 09:18

Fyftjin Fryske glêstúnbouwers komme nei alle gedachten takom jier yn finansjele problemen troch de hegere stookkosten. Neffens brancheorganisaasje Glaskracht binne de kosten foar de bedriuwen sûnt jannewaris hast ferdûbele.

Foar op syn minst twa fan de Fryske kassehâldersbedriuwen soe it sels in fallissemint betsjutte. De oare trettjin bedriuwen binne ôfhinklik fan finansjele ynjeksjes troch ûnder oaren de banken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)