Stookferbod yn Stellingwerven

26 mrt 2013 - 17:37

Yn de gemeenten East- en Weststellingwerf is in stookferbod ynsteld yn de natuergebieten. Der mei gjin fjoer makke wurde of smookt wurde. De peaskefjoeren fan takom wykein yn beide gemeenten binne ek ôfsein. De gemeenten en brânwacht nimme dy maatregels om brân troch de droechte foar te kommen.

It is tige droech yn dizze tiid fan it jier. Der sit noch gjin grien oan de beammen en de tûken binne dêrtroch tige droech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)