Stones-kaarten yn healoere fuort

04 des 2005 - 11:43

Yn 28 minuten wiene se allegear fuort: de kaarten foar it konsert fan de Rolling Stones yn Nederlân takom jier yn july. Echte fans hiene der in kâlde nacht en de nedige euro's foar oer om wis te wêzen fan de Stones-kaarten.

Guon fans fan Mick Jagger en konsorten stiene freedtejûn al by de ferkeappunten, lykas it haadpostkantoar yn Ljouwert. Om it waarm te hâlden wie der in fjoerkoer en waard der de nedige alkohol nuttige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)