Stonede sjauffeur fan de wei helle yn Burgum

02 sep 2015 - 11:05
  • Himp

In 20-jierrige man út Nijhoarne is tiisdeitejûn troch de plysje fan de dyk helle om't er nei alle gedachten stoned achter it stjoer siet. Plysjeminsken seagen de man slingerjend oer de Alde Kommisjewei yn Burgum riden en setten him oan de kant.

Yn de auto fûn de plysje softdrugs. Om't it fermoeden wie dat de man in joint smookt hie, is in bloedproef dien. It rydbewiis fan de man is ynnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)