Stoker stapt út 'e CU

22 apr 2010 - 10:00

Ald-Christen-Unie-riedslid Addy Stoker fan Ljouwert hat it lidmaatskip fan 'e partij opsein. Hy wol him ynsette foar de nije Progressief Christelijke Partij (PCP). Dy moat in dúdlik progressyf lûd hearre litte.

Stoker is der net bliid mei dat de CU op 'e AWBZ besunigje wol. Fierders is de ôfwizing fan babylûkjes troch de CU him yn 'e wei. Mei de lûkjes kin in poppe op in legale wize ôfjûn wurde as de mem de lytse net hâlde kin of wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)