Stoker liedt Feriene Lofts

13 jan 2011 - 06:58
  • Addy Stoker

Addy Stoker is listlûker foar de nije partij Feriene Lofts by de oankommende steateferkiezings. Earder wie Stoker fjirtjin jier gemeenteriedslid yn Ljouwert foar de ChristenUnie.

Feriene Lofts ûntstie doe't de Fryske SP yn botsing kaam mei it lanlik haadbestjoer. Trije fan de fjouwer fraksjeleden ferlieten de SP en rjochten har eigen partij op. Fraksjelieder Van de Kolk komt net werom yn de steaten, hy sit sûnt koart yn de gemeenteried fan Súdwest Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)